Kulturele útwikseling: groep Papoea's op besite yn Wierum

In groep fan ûngefear tritich Papoea's út sawol Papoea-Nij-Guinea as út Nederlân bringt sneon in besite oan Wierum. De Papoea's binne yn it doarp fanwegen in evenemint wêrby't de ferneamde Wierumer antropolooch en sindeling Freerk Christiaan Kamma sintraal stiet.
© René Gies
De Papoea's kamen krekt foar it middeisoere oan yn Wierum. It is in kulturele útwikseling tusken Friezen en Papoea's. Der wurdt bygelyks iten en dûns, út sawol Fryslân as Papoea-Nij-Guinea, dield. Ek is der in streekmerk mei ferskate produkten. Snein is der noch in tsjerketsjinst, mei eleminten út beide kultueren.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Om de komst fan de Papoea's mooglik te meitsjen, waarden minsken frege oft sy in bêd beskikber ha foar de gasten. De Papoea's ferbliuwe dit wykein yn de omkriten fan Wierum.
Kamma
Freerk Christiaan Kamma (1906 - 1987) wie in antropolooch dy't op Papoea-Nij-Guinea ûndersyk die. Hy wie dêr ek dûmny. Hy makke him de gewoanten fan de Papoea's eigen en waard troch in protte Papoea's tige wurdearre, seit Jan Prins fan de Stichting Kamma. "Kamma en de Papoea's wiene sa bot mei-inoar ferbûn, dat sy him de 'blanke Papoea' neamden. Doe't Kamma ferstoar, is er troch Papoea's yn Wierum te hôf brocht.