Kliïnten soarchorganisaasje mei frachtauto's troch Fryslân

02 jun 2018 - 15:24

Kliïnten mei in ferstanlike beheining fan soarchorganisaasje Talant hawwe sneon in tocht troch Fryslân makke. It giet om de achtste edysje fan de toertocht 'Met z'n allen'. De kliïnten stappe dêrby yn by in ferskaat oan frachtweinsjauffeurs, mar ek brânwachtauto's en plysjeauto's riden mei.

De toertocht ûnderweis troch Fryslân - Foto: Srfotografie

Tocht

De tocht gie dit kear troch de gemeenten Tytsjerksteradiel, Ferwerderadiel, Waadhoeke en Ljouwert. De bestjoerders kamen, neist út Fryslân, ek út Grinslân.

Goed hûndert auto's mei hast like folle ferstanlik beheinden makken de tocht. Dy gie om tsien oere fan start by Omrin yn Ljouwert. Dêr songen Syb van der Ploeg en Piter Wilkens de dielnimmers fuort.

Lunch

Underweis wie der foar dy dielnimmers in lunch en nei ôfrin in feestje by Omrin. Dat soarge ek foar de organisaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)