Keninklike ûnderskieding foar ûntwerper fan Staverse Kotter

02 jun 2018 - 13:31

Starumer Anton van der Werff (80) is sneon keninklik ûnderskieden. Van der Werff is de ûntwerper fan de Staverse Kotter. Fan dat type skip waarden tusken 1970 en 1996 in lytse 130 eksimplaren makke.

Lintsjesrein - Foto: ANP

De ûnderskieding waard Van der Werff útrikt troch boargemaster Magda Berndsen fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It útrikken barde by de fiering fan it 20-jierrich bestean fan de Staverse Kotterclub. Yn 1998 wie Van der Werff ien fan de oprjochters fan dizze klup, bedoeld foar eigeners fan Staverse Kotters.

By deselde gelegenheid waard ek it 100-jierrich jubileum fan jachtwerf De Volharding út Starum fierd. Van der Werff wie fan 1956 oant 2005 direkteur fan dy werf.

Yn it ferline wie Van der Werff ek riedslid en aktyf by de wurkjouwersferiening, de stielbransj en de Lionsclub.

(advertinsje)