Reboelje-oprjochter en gitarist Tiede Lanting (52) ûnferwachts stoarn

02 jun 2018 - 11:55

Gitarist Tiede Lanting is woansdei ûnferwachts stoarn. Lanting wie ien fan de leden en oprjochters fan de Fryske band Reboelje. Lanting stoar oan in hertoanfal en is 52 jier wurden.

Tiede Lanting - Foto: of

Durk Hogendorp oer Tiede Lanting

Lanting wie gitarist fan Reboelje en neffens freon Durk Hogendorp 'it semint yn de groep'. Lanting foarme mei Hogendorp, Marius de Boer, Tsjerk Bootsma en Rommert Reitsma Reboelje. Dizze folkrockband wie tusken 1987 en 2003 tige populêr yn de provinsje.

Neffens Hogendorp wie benammen Lanting ferantwurdlik foar 'de sound fan de band'. Lanting skreau ek in pear nûmers, wêrûnder Merkeman.

Hogendorp koe Tiede Lanting al fan de legere skoalle ôf. Se spilen as jonkjes al sebeare op tennisrackets gitaar. Se wiene gek op muzyk. Lanting woe hiel graach in band oprjochtsje. Doe't er Hogendorp, Reitsma, Bootsma en De Boer moeten, ûntstie yn 1987 Reboelje. Lanting wie de grutte inisjator fan de band.

Ik tink dat de Tiede de grutste driuwfear west hat. By him wie it ferlangen om yn in band te spyljen en syn foarbylden The Stones ek sokiets te dwaan dat hy ús dêryn meisleepte. Hy wie it semint tusken de ferskillende bandleden.

Durk Hogendorp

Doe't der in ein oan de band wie neffens Hogendorp foar Lanting it dreechst fan alle bandleden. Lanting geniete hiel bot fan it optreden, it yn de spotlights stean en it kontakt mei it publyk. Hy hold fan de gesellichheid en it meitsjen fan muzyk.

Hy wie in hartstikke goede muzikant, unyk. Ien dy't muzyk makke fanút syn ûnderbúk. Hy wie de foarmjouwer kwa gelûd. Syn gitaar wie bepalend foar hoe't de band klonk

Durk Hogendorp

Tiisdei 5 juny wurdt Lanting yn besletten te hôf brocht. Yn it Dielshûs yn Wommels is der gelegenheid ta kondolearjen fan 13.00 oere ôf. Op www.betink.nl kinne minsken dy't dat wolle in neitins efterlitte.

Trefwurden: 
stoarn tiede lanting reboelje
(advertinsje)