Gas- en sâltbedriuwen krije reade kaarten by protest yn Harns
Gas- en sâltbedriuwen krije reade kaarten by protest yn Harns
Sa'n twahûndert aksjefierders út meardere provinsjes kamen sneon yn Harns by elkoar ûnder de namme Tegengas. Op dizze lanlike manifestaasje tsjin gas- en sâltwinning wurde trije reade kaarten útdield oan Frisia Zout, Vermillion en de NAM.
Ferslachjouwer Remco de Vries by protest yn Harns
De manifestaasje begjint by Frisia Zout en einiget by it kantoar fan Vermillion. Beide bedriuwen sitte oan de yndustryhaven yn de stêd. Der komme achttjin sprekkers, wêrûnder trije Keamerleden dy't frege wurde de boadskip fan de demonstraasje mei te nimmen nei Den Haag.
Ien fan de saken dy't neffens de inisjatyfnimmers better regele wurde moat is de skea by gaswinning út lytsere gasfjilden.