Enerzjykoöperaasje realisearret earste sinnedak fan Skiermûntseach

02 jun 2018 - 09:09

Boargemaster Ineke van Gent hat freedtemiddei goed hûndert sinnepanielen yn wurking steld op it dak fan in pleats op Skiermûntseach. It is it earste kollektive sinnedak fan it eilân. It projekt is in inisjatyf fan enerzjykoöperaasje De Sintrale.

Ineke van Gent (l) en Thom Verheul, foarsitter De Sintrale - Foto: De Sintrale

Goed tweintich eilânbewenners hawwe saneamde partisipaasjes kocht dy't rjocht jouwe op in diel fan de opbringst. In partisipaasje kostte 99 euro it paniel. Folgjende wike wurde der opnij mear as hûndert panielen pleatst, op it dak fan groepsakkommodaasje Eureca.

Yn de hjerst hopet De Sintrale in twadde sinnedak te eksploitearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)