Kollum: "Proefballon"

02 jun 2018 - 08:27

"De gemeente It Hearrenfean hat op inisjatyf fan de FNP besletten dat it net langer tastien is om ballonnen op te litten. Ballonnen binne skealik foar it miljeu en as in fûgel sa'n ding opfret, krijt it bist dêr lêst fan. Der binne noch in pear Fryske gemeenten dy't it net langer ha wolle, dy ballonnen mei in kaartsje der oan. Skylge en It Amelân bygelyks, want ballonnen soargje foar fersmoarging yn de oseanen.

De Toan fan

Ferdinand de Jong
Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Je soenen sizze dat in fûgel wol sa snoad is om gjin ballon op te iten, mar dat blykt net sa te wêzen. Yn de magen fan albatrossen ha wittenskippers in hiele grutte foarried net ôfbrekber plestik fûn. Op lange termyn geane dy prachtige bisten dêr dea oan.

Gjin ballonnen mear. En dan moatte je dochs even weromtinke oan de tiid dat je sels wolris jo namme op sa'n kaartsje skreau en oan in mei helium opblaasde ballon knope ha. As bern dreamden je dan hoefier it ding wol net fuortfleane soe. Miskien wol hielendal nei Amearika of nei de Noardpoal. Dat dêr dan immen oan de oare kant fan de wrâld jo kaartsje oan in sloppe ballon fine soe en dy mei luchtpost werom stjoerde. Ik bin opgroeid yn de bosk, dus meastentiids einige de reis fan myn mei leafde oplitten ballon yn de linebeam fan de buorlju, mar de wille en de fantasy wie der net minder om. Doe wiene we ús der trouwens noch totaal net fan bewust dat soks skealik wie en dat albatrossen dy ballonnen opfrieten. No wol, dus is it goed dat der wat oan dien wurdt.

Mar ja, hoe moat dat dan mei dy bern dy't it sa aardich fine om in ballon op te litten en dêr miskien wol in priis mei winne, as dy fan harren it fierste fuortsweefd is? Ik besleat om de gemeente It Hearrenfean te beljen om my ris goed foarljochtsje te litten. Want der binne tsjintwurdich bygelyks ek biologysk ôfbrekbere ballonnen yn de hannel. Hoe soe de flagge der dan byhingje? Fia de sintrale waard ik trochferbûn mei in amtner dy't eveneminten yn har takepakket hat. Dy fertelde dat sy wol by it oerlis sitten hie, mar de echte tûkelteammen koe se my gjin antwurd op jaan. Se soe djipper de organisaasje yn om dat helder te krijen.

Sjoch, ik meitsje it as behearder fan in tsjerkhôf út reden fan jins amt ek noch wolris mei dat der wite ballonnen oplitten wurde, grif mei in prachtige gedachte dêr achter. Soks is weardefol foar de neibesteanden en mochten der mear gemeenten fan plan wêze om ballonnen te ferbieden, soe it moai wêze as der in miljeufreonlik alternatyf is dat in albatros ek fertarre kin, mocht er by fersin in ballon foar in fisk oansjen.

Om op de gemeente It Hearrenfean werom te kommen, in pear oeren letter waard ik kreas werom belle. Hoe en wat it beslút krekt ynkleure wurdt, sil de kommende tiid helder wurde. Foar no wie de stân fan saken sa: Allinnich de moasje is oannaam, de eventuele alternativen sille no troch de amtners ûndersocht wurde. Dus mocht der in wedstriid betocht wurde mei biologysk ôfbrekbere ballonnen en in biologysk ôfbrekber toutsje én jo knoopje dêr ek noch in biologysk ôfbrekber kaartsje oan fêst, kinne je by de gemeente altyd in baltsje opgoaie. Of in proefballon."

(advertinsje)