Kantoar RWS út Bûtenpost wei

It kantoar fan Rykswettersteat yn Bûtenpost ferhuzet nei Ljouwert. It giet om tachtich man personiel, 45 minsken op kantoar en 35 minsken dy't wurkje op skippen en yn plakken as Harns en op de Waadeilannen. De ferhuzing past yn it lanlik belied fan Rykswettersteat om de kantoaren te konsintrearjen yn tolve ferskillende stêden, wêrûnder Ljouwert. De ferhuzing fan it Waterdistrict Waddenzee sil kommende moandei al wêze.