It giet wer better mei de leppelbekken op Skiermûntseach

02 jun 2018 - 07:02

De leppelbekkestân op Skiermûntseach liket der nei it dramatyske briedseizoen fan foarich jier wer boppe-op te kommen. ''Het ziet er nu goed uit voor de lepelaars'', seit Petra de Goeij fan de Wurkgroep Leppelbek tsjin de kollega's fan RTV Noard. ''Het is gelukkig niet zo dramatisch als vorig jaar, toen lagen er veel dode kuikens op de nesten. Dat is nu niet het geval op Schiermonnikoog.''

Jonge leppelbekken - Foto: RTV Noord

Yn gearwurking mei ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) wurdt de leppelbekkepopulaasje op Skiermûntseach skerp yn 'e gaten hâlden.

Ferslachjouwer Joyce Kranenborg gie op paad mei ûndersykster Petra de Goeij

Piken ringe

''We vangen alleen de kuikens die al rennen. De rest is nog te klein om te kunnen ringen'', seit De Goeij. Se is dizze wike in soad te finen by de kwelder yn de omjouwing fan de Kobbedunen. Se bestudearret de nêsten en soarget dat de piken ringe wurde.

In jier ferlyn luts de Wurkgroep Leppelbekken oan 'e bel. It briedseizoen ferrûn net goed op it eilân. Dat hie te krijen mei it minne waard en te min fretten foar de fûgels. De garnalestân wie tige leech.

''Het gaat nu gelukkig goed. We hebben wel minder lepelaars maar er zijn meer kuikens. Dat hangt natuurlijk samen. Als je met minder bent dan heb je meer voedsel te verdelen voor de kuikens'', fertelt De Goeij.

(advertinsje)