Keunstwurk Foekje Dillema teplak yn sportpark Nijlân

01 jun 2018 - 21:52

Keunstner Ids Willemsma wie bot rekke doe't er yn 2007 lies oer it grutte ûnrjocht dat it Boerumer atletyktalint Foekje Dillema as jonge frou oerkaam wie. Dillema waard falsk beskuldige gjin frou te wêzen en waard skorst. Deaskande, want yn 1950 rûn se flugger as olympysk kampioene Fanny Blankers-Koen.

It keunstwurk fan Ids Willemsma ta eare fan Foekje Dillema - Foto: Omrop Fryslân

Willemsma makke, ynspirearre op Dillema, in byld fan twa sterke en bysûnder flugge frouljusskonken yn de hâlding sa't dy yn de 200 meter, Dillema's ôfstân, in soad te sjen is. It byld wie earder tydlik te sjen by Oranjewâld, mar is yn sportpark Nijlân better op syn plak, want Dillema begûn har karriêre by AV Vitesse, de foarrinner fan atletykferiening Lionitas.

Willemsma hold syn ferhaal yn it selskip fan syn hûn, dy't er ek de namme Foekje jûn hat. De iepeningshanneling waard dien troch fjouwer jonge atleten fan Lionitas dy't yn de rein in 200 meter rûnen oer gers, lykas yn de tiid fan Dillema gebrûk wie. Muzykkorps Ons Ideaal út Easterwierrum, it wenplak fan Willemsma, soarge foar bypassende muzyk.

Ids Willemsma en Geesje Jorna oer Foekje Dillema

Geesje Jorna

Geesje Jorna waard troch Foekje Dillema út de estafetteploech draafd, mar de twa waarden likegoed freondinnen. By wedstriden sliepten se geregeld op ien keamer. Jorna neamt Dillema "fleurich, spontaan en entûsjast, in geweldige sportfrou".

It yn 'e knop ôfbrekken fan wat mooglik in geweldige sportkarriêre wurde kinnen hie, hat Jorna altiten as grut ûnrjocht sjoen. Dillema waard djip misledige en fernedere, wylst se neat ferkeard dien hie, en woe dêr nei de tiid noait mear oer prate. Nei har dea kamen der ferskate inisjativen ta in earbetoan oan Dillema, lykas in sportwedstriid, in biografy en it keunstwurk fan Ids Willemsma.

Plannen foar toanielstik

Der komt noch mear oan, want der binne ek plannen foar in toanielstik oer Foekje Dillema. Jorna is wiis mei dy plannen: "Fanny Blankers-Koen is sa njonkenlytsen fergetten, mar Foekje Dillema sprekt noch hieltyd ta de ferbylding."

Atlete Foekje Dillema hie it rekôr op de 200 meter, mar waard yn 1950 troch de atletykuny skorst, nei in omstriden seksetest. Mei tastimming fan de famylje is yn 2008 DNA-materiaal ûndersocht. Op grûn dêrfan koe bepaald wurde dat Dillema echt in frou wie, hoewol't yn har DNA wol ôfwikende gromosomen oantroffen waarden.

(advertinsje)
(advertinsje)