Earepinning Bonêre foar bemanning fan Sterke Yerke
De bemanning fan it Fryske flot de Sterke Yerke hat op Bonêre in earepinning krigen fan it bestjoerskolleezje fan it eilân. De bruorren Chris en Guus Schweigmann en Frits Riemersma krigen de lokale ûnderskieding út hannen fan opperste gesachhawwer Edison Rijna.
In 1979 makke it flot de Sterke Yerke de reis nei Bonêre ta, ûnder oare om omtinken te freegjen foar de wetterfersmoarging op see. De bemanning krige de earepinning foar sawol de sportive prestaasje doetiids as de ludike protestaksje.
Renovaasje fan it monumint
De bemanning fan it flot Sterke Yerke 3 is mei freonen en famylje op Bonêre om it monumint op te knappen dat eartiids ta eare fan de woeste syltocht tocht oprjochte wie.
Troch de jierren hinne wie der fan dat monumint mar in bytsje oer bleaun en dus is it ta oan in opknapbeurt. De renovaasje-aksje fan de Friezen hat ek op Bonêre in soad belangstelling lutsen. Sa sette de lokale krante in grutte foto op 'e foarpagina. It doel is dat de ploech nije wike wêr nei Fryslân komt.