Reek dy't frijkaam by lekkaazje REC "te ferlykjen mei reek by brân yn pleats"

01 jun 2018 - 20:23

De reek dy't tongersdei frijkaam by in lekkaazje yn de Harnzer ôffaloven REC is te ferlykjen mei de reek dy't normaal frijkomt by brân fan in pleats. Dat seit Omrin-direkteur John Vernooij.

Foto: twitter @afvalovennee

De lekkaazje kaam troch in probleem mei de druk, leit Vernooij út. "Normaal is er een onderdruk, maar omdat er een klep dichtstond, is dat overdruk geworden. Toen is er gedurende drie minuten rook vrijgekomen, vergelijkbaar met de rook die bijvoorbeeld bij een een boerderijbrand vrijkomt."

Omrin-direkteur John Vernooij

Omrin sil no útsykje litte wat der presys frijkaam is en wat de effekten dêrfan binne. "Daar is een extern bureau voor ingeschakeld, dat ook een rapport maakt", seit Vernooij.

En it is net útsletten dat dit nochris barre sil. Vernooij: "Storingen horen bij een technische installatie, ook bij het REC. Dat willen we niet, maar we gaan wel maatregelen nemen om die lekkages structureel tegen te gaan. Ik kan alleen niet zeggen dat dat volgende week of volgende maand al klaar is. Het kan best nog een keer gebeuren."

(advertinsje)