Wâldwei ôfsletten yn nacht fan freed op sneon

De N31 tusken Drachten en Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon ôfsletten, want der wurdt jierliks ûnderhâldswurk ferrjochte. De wurksumheden yn de rjochting nei Drachten ta duorje fan freed 20.00 oere oant sneon 2.00 oere, de oare kant op fan freed 23.00 oere oant sneon 9.00 oere.
It ferkear dat eins oer de Wâldwei wol, moat dus ergens oars del. It omriden kin oant tritich minuten langer duorje.
© Google Street View