Lêste jûn Avondvierdaagse Drachten giet ek net troch

01 jun 2018 - 17:43
Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De lêste dei fan de Avondvierdaagse yn Drachten giet freed net troch, lykas woansdei en tongersdei. Yn oerlis mei de belutsen ynstânsjes hat is bestjoer dat beslút naam, omdat der tusken 19.00 en 20.00 oere opnij min waar ferwachte wurdt boppe Drachten.

De organisaasje besiket dizze jûn nei nije wike woansdei te ferpleatsen.

(advertinsje)