Keunstútlien fierder op bedriuweterrein: "It koe minder!"

"It koe minder!" Dy reaksje wie freed geregeld te hearren by de offisjele iepening fan it nije ûnderkommen fan de Ljouwerter keunstútlien oan de Poalstjerwei yn Ljouwert. De keunstútlien siet yn de binnenstêd oan de Wissesdwinger, mar moast dêr te folle hier betelje foar in sûne eksploitaasje. It nije ûnderkommen op bedriuweterrein De Hemrik is gâns goedkeaper en hat boppedat folle mear parkearromte, wat foar de oan- en ôffier fan gruttere keunstwurken in grut foardiel is. Boppedat hat it nije ûnderkommen in soad deiljocht, wêrtroch it goed mooglik is om de 2.500 keunstwurken oan de abonnees sjen te litten.
It nije ûnderkommen fan de Ljouwerter keunstútlien © Omrop Fryslân
Skilder Wim van der Veer is goed te sprekken oer de ynrjochting fan de nije keunstútlien, wêrtroch't de keunstwurken goed foar it ljocht komme. "Us beppe sei altyd: it koe minder en dat sis ik no ek. It liket derop." Keunstneres en keunstútlien-bestjoerslid Herma Bovenkerk fan Koudum hat de ynrjochting fan de nije romte foar har rekken nommen.
De oanwêzige abonnees moatte wol wat wenne oan de nije lokaasje op in pear kilometer fan de binnenstêd, mar ienkear binnendoar sjogge ek dy de foardielen. "Deze plek heeft voor ons veel meer voor- dan nadelen", seit foarsitter Cees van der Zee.
It nije ûnderkommen fan de Ljouwerter keunstútlien © Omrop Fryslân
Een massaproduct bij de Ikea of een origineel Fries werk: dat laatste is toch veel mooier?
Cees van der Zee
Troch de bettere fasiliteiten en tagonklikheid hopet de keunstútlien der ek wer wat jongere abonnees by te krijen. De measte abonnees op dit stuit binne senioaren of bedriuwen, mar de lêste tiid melde har ek wer mear jonge húshâldings. Van der Zee: "Die kunnen kiezen; of ze halen een massaproduct bij de Ikea of een origineel werk van een Friese kunstenaar bij ons. Zeg nou zelf, dat laatste is toch veel mooier?"
Foarsitter Cees van der Zee fan de Ljouwerter keunstútlien