Fryske sikehûzen meitsje miljoenen winst

01 jun 2018 - 17:23

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean, sikehûs MCL yn Ljouwert en it Antoniussikehûs yn Snits ha ferline jier miljoenen oerhâlden. Dat docht bliken út de jierferslaggen fan de sikehûzen, dy't se freed publisearre ha. Koprinner is it Antoniussikehûs, dat in posityf resultaat fan fiif miljoen euro hie.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De winst fan it Antoniussikehûs kaam foaral trochdat it sikehûs him weromlutsen hat út de Ambulance Zorg Friesland. Dat sparre in soad jild út. Fierder is de ferbouwing fan in tal ôfdielingen trochskood nei dit jier, sadat it net yn 2017 ôfboekt hoegde te wurden.

Sikehûs MCL yn Ljouwert hâlde ferline jier 2,9 miljoen euro oer, docht bliken út it jierferslach. It sikehûs skriuwt dêryn dat it de kommende jierren fierder ynnovearje wol. Der is wol soarch oer de takomst as it giet om it finen fan geskikt personiel. Der is no in tekoart oan ferpleechkundigen en medysk spesjalisten.

Sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean hie in posityf resultaat fan 1,4 miljoen euro oer 2017. It sikehûs seit dat dat foaral komt trochdat der effisjinter wurke is. De Tjongerschans set de kommende jierren fierder yn op it effisjinter meitsjen fan de soarch, skriuwt it sikehûs yn syn jierferslach.

(advertinsje)
(advertinsje)