Nij asfalt nei ûngelok by Bant: A6 noch skoft ticht

01 jun 2018 - 17:07

De A6 bliuwt freed by De Lemmer yn súdlike rjochting oant it begjin fan de jûn ticht. De dyk is troch it ûngelok sa slim skansearre rekke, dat der nij asfalt oanbrocht wurde moat. Op de autodyk, dy't Fryslân mei Flevolân ferbynt, waard freedtemoarn en freedtemiddei al ûndersyk dien nei it slimme ûngelok by de ôfslach nei Bant.

File op de A6 - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

By dat ûngelok rekke in 63-jierrige frachtweinsjauffeur út Snits slim ferwûne. De sjauffeur ried yn de rjochting fan De Lemmer nei Emmeloord boppe-op in mobile sinjalearingswein fan Rykswettersteat.

Ferkear: ryd oer de A32

It ferkear wurdt oanret om fia de A32 nei it suden te riden.

Trefwurden: 
ûngelok A6 Bant ferkear
(advertinsje)
(advertinsje)