Tûzenen ekstra kaarten foar De Stormruiter yn omloop

01 jun 2018 - 16:59

Der komme 10.000 nije kaarten yn omloop foar De Stormruiter, it grutte muzyk- en teäterspektakel yn it ramt fan LF2018, yn it WTC yn Ljouwert. De kaarten wiene blokkearre foar bedriuwen, reisburo's en oare groepen.

Stormruiter - Foto: Stormruiter

It is gebrûklik by grutte produksjes om tsien persint fan de kaarten foar sokke partijen achter te hâlden, seit produsint Aswin Laheij. "Omdat we weten dat er nog steeds veel mensen zijn die graag De Stormruiter willen bezoeken, heeft het bestuur van de organiserende Stichting Faderpaard besloten de blokkades op te heffen en de resterende kaarten rechtstreeks aan het publiek te verkopen."

De kaarten binne fan tiisdeitemoarn 5 juny te keap fia de webside, www.destormruiter.nl. De foarstellingen binne yn septimber en oktober.

(advertinsje)