Ynternasjonale priis foar tentoanstelling oer Mata Hari

01 jun 2018 - 16:57

It Fries Museum hat in ynternasjonale priis wûn mei de tentoanstelling oer Mata Hari. De F@imp Avicom Award waard tongersdeitejûn takend op in ynternasjonaal evenemint oer audiovisuele produksjes en multymedia yn musea. It Fries museum krige de sulveren priis foar de sluierprojeksje yn de útstalling oer Mata Hari. Dy waard ûntwikkele yn gearwurking mei Studio Louter en OPERA Amsterdam.

Mata Hari: de mythe en het meisje wie te sjen tusken oktober en begjin maart yn it Fries Museum. It wie de grutste útstalling ea oer it libben fan Margaretha Geertruida Zelle út Ljouwert, dy't yn har lettere libben de wrâldferneamde dûnseres Mata Hari waard. Op de tentoanstelling kamen goed 90.000 minsken ôf.

Trefwurden: 
Fries Museum prijs Mata Hari
(advertinsje)