Kolleksje Made in Holland yn Karemiekmuseum mooglik op reis

01 jun 2018 - 16:32

De útstalling Made in Holland yn it Keramiekmuseum Princessehof is noch net iepen oft der binne al plannen om mei in part fan dizze kolleksje op reis te gean. Made in Holland jout in oersjoch fan 400 jier Nederlânske keramyk. It begjint om it jier 1600 hinne mei Delfts blau en it einiget yn it no mei Dutch Design. It is foar museum Princessehof dé útstalling fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Alde Delftske blommefaas - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Op reis

Ut it bûtenlân wei is al belangstelling foar de útstalling. Kris Callens, direkteur fan it Fries Museum, hat kontakten yn Japan. De eksposysje moat dêr dan op meardere plakken te sjen wêze. Dêrnei soe de oerstek makke wurde nei de Feriene Steaten. Dêr wurdt op it stuit noch socht nei geskikte plakken. Mei dizze reis komt it tema fan dizze útstalling goed ta syn rjocht: de eksport fan it diggelguod troch de iuwen hinne.

Undersyk

Spesjaal foar dizze eksposysje hat it museum yngreven ûndersyk dien nei wat der eins barde mei al it diggelguod dat yn Nederlân makke waard. Opfallend is dat in soad eksportearre waard nei Poalen. Konservator Karin Gaillard kaam dêr by tafal achter by in besite oan in museum yn Gdansk: "Ik liep daar en ineens zag ik daar allemaal bekend aardewerk. Dat was voor mij de aanleiding om er dieper in te duiken."

Bliken docht dat yn Poalen op in soad plakken ek diggelguod opgroeven wurdt. Stikjes dêrfan binne ek te sjen yn de útstalling. "Wat ook opvalt, is dat de Polen het aardewerk zijn gaan namaken", sa seit Gaillard. Fan de útkomsten fan it ûndersyk is in boek makke.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Art nouveau en Maastricht

Ien seal is wijd oan diggelguod út Maastricht. Yn de 19de iuw waard dêr in soad hânskildere boerebont makke. Dat waard foar in grut part eksportearre nei Japan. De Maastrichtske ûndernimmer Petrus Regout slagge deryn de Japanske kultuer goed nei te meitsjen en te printsjen op it servys.

De Art Nouveau seal is ek bysûnder. Dêr binne fazen, boarden en bygelyks skalen te sjen, dy't ek útstald wiene op de wrâldtentoanstelling yn Parys fan it jier 1900. Neffens konservator Karin Gaillard giet it om unike stikken: "We hebben hier eierschaalporselein. Dat was destijds een sensatie. Veel van dit soort werk werd naar de Verenigde Staten geëxporteerd."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma rint mei konservator Karin Gaillard oer de útstalling Made in Holland

Dutch Design

Yn de Ottema Kingmaseal stiet Dutch Design útstald, It is in bysûndere kolleksje fan de nije Nederlânske ûntwerpstreaming. It liket keunst, mar alles hat ek in brûkersfunksje. Dúdlik te sjen, is de brêge dy't guon fan de keunstners slein ha tusken it iuwenâlde Delftske ierdewurk en de ynnovaasje fan no. Dat sjogge je werom yn bygelyks de fazen dy't no makke wurde. Dy binne dúdlik ynspirearre op dat wat se yn 1600 al makken.

(advertinsje)