Mear as 500 oanmeldingen foar Grut Frysk Diktee: “Boppe ús ferwachtingen út”

01 jun 2018 - 16:27

Al mear as 500 minsken hawwe har oanmeld foar it Grut Frysk Diktee. De organisaasje is út de skroeven mei it no al beheljen fan dat grutte oantal. It Grut Frysk Diktee hat dit jier in oare opset en fynt plak op 21 juny op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Elkenien mei meiskriuwe oan it diktee yn in ultym stribjen om ta in rekôr te kommen.

"Sa'n soad belangstelling, dat giet boppe ús ferwachtingen út. Wy kinne no mei rjocht sizze dat dit it grutste diktee wurdt dat ea holden is", lit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens witte.

It plein is hast fol

Yn ferbân mei de tanimmende belangstelling hat de organisaasje besletten de ynskriuwing mei twa wiken te ferlingjen. Sijens: "Der jouwe har hieltyd noch mear as 20 minsken deis op en al liket it plein hast fol, dat is it noch net hielendal. Dêrom hawwe wy de ynskriuwing ferlinge oant 13 juny ta."

It Grut Frysk Diktee fynt plak op 21 juny om 19.00 oere op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. In kwalifikaasje is dit jier net nedich. Opjefte wol: dat kin fia Fryskdiktee.frl.

De Aldehou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
Trefwurden: 
Frysk diktee
(advertinsje)