Boargemaster Crone nimt spesjaal LF2018-koekje fan Hellema yn ûntfangst

01 jun 2018 - 15:48

Spesjaal foar Kulturele Haadstêd hat koekjefabryk Hellema yn Hallum in kultuerkoekje makke. It earste LF2018-koekje wie fansels foar boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Tjeerd van Bekkum fan LF2018 oerlanget it koekje oan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. - Foto: Hellema

Yn hotel Post Plaza preau Crone it koekje, makke fan twa spekulaaskes mei fanyljekrêm dertusken. Neffens de makkers komt de smaak fan Fryslân dêryn optimaal ta utering.

Om safolle mooglik minsken mei te krijen, jout Hellema hoareka-ûndernimmers de earste doaze fergees.

Trefwurden: 
LF2018 Hellema koekje
(advertinsje)