"In palmestrân yn de Griene Stjer"

De waarsekstremen fan de lêste tiid en de mooglike link mei de klimaatsferoaring rôpen op de Ljouwerter freedsmerk hiel wat reaksjes op.
Reaksjes oer waar en klimaat op de Ljouwerter freedsmerk
In palmestrân yn de Griene Stjer, dêr moatte we op ynsette.
in besiker fan de freedsmerk
"We moatte 'de tering nei de nering' sette en de feroarings yn it klimaat akseptearje. Lis mar in palmestrân oan yn de Griene Stjer, want we keare dat proses dochs net", wie ien fan de reaksjes op de freedsmerk.
En opmerklik faak waard de opwaarming fan de ierde betwivele: "Dat wordt enorm overdreven in de media" en "Der siet ek in gat yn de oazonlaach, waard sein, mar dat is ek al wer ticht. Hoe kin dat dan?"
De poelier tocht dat der net folle oan te dwaan wie en dat minder fleis ite ek gjin ynfloed ha sil: "Dêr leau ik net yn."
In leafhawwer fan sinne en waarmte lei ek net wekker fan de klimaatkonsekwinsjes: "De hele wereld is in beheer van God, ik vertrouw erop dat het goedkomt,"