Fryske fierljeppers jeie mei atletykcoach op Nederlânsk rekôr

In atletykcoach sil guon Fryske fierljeppers begeliede. Hugo Veenker fan Damwâld traint hurddravers en helpt no fierljeppers as Ysbrand en Oane Galama en Hannes Scherjon. Sa sille se besykje it Nederlânsk rekôr fan Jaco de Groot te ferbetterjen. Want dat it fierljeprekôr net yn hannen is fan in Fries, dat kin net.
Fierljeppers traine op oare wize
Neffens Hugo Veenker is der in soad te winnen op it mêd fan de oanrin en it delsetten fan de pols. "Dy moat fierder stean. As de stok fierder stiet, kinne se fierder yn it sânbêd delkomme en dus fierder ljeppe." Net allinich it fierder pleatsen fan de pols kin better, ek de oanrin. "As se leger ynspringe en hurder oanrinne, helpt dat ek."
It rekôr stiet sûnt ferline jier op namme fan Jaco de Groot. De Woerdenaar ljepte op 12 augustus yn Zegveld in ôfstân fan 22,21 meter. Folle fierder as it âlde rekôr fan de yntusken ophâlden Bart Helmholt, dat op 21,64 meter stie. Sjoch hjir nei de sprong fan Jaco de Groot.
Jaco de Groot moat bang foar us wêze.
Ysbrand Galama

Rekôr dit jier noch út de boeken?

As it oan Ysbrand Galama leit, wurdt it rekôr noch dit jier brutsen. "Der binne guon ljeppers dy't de 21 meter wol helje kinne. As we dat helje, komt dy 22 meter ek tichtby. Sjoch, dy Jaco hat him jierrenlang suf traind, omdat hy bang wie foar ús. Eins ha wy him sa grut makke. Oft hy no bang wêze moat foar us? Dat is hy al", seit Ysbrand Galama mei in knipeach.
Hugo Veenker is wat weromhâldend: "Ik wit net oft it rekôr der dit jier al oangiet. Dat is miskien wat te rap."
Hoe fier is 22,21 meter?