Natuerbehearders en boeren komme mei alternatyf natuerplan

01 jun 2018 - 14:24

Der leit in nij plan op tafel om de Ekologyske Haadstruktuer dochs folslein oan te lizzen en ôf te meitsjen. Dat driget te mislearjen want de provinsje hat dêrfoar net genôch jild. Der is in tekoart fan 60 miljoen euro foar de oankeap en ynrjochting fan nije natuergebieten.

Natoerlân fan Staatsbosbeheer by Woarkum. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De Ekologyske Haadstruktuer is in netwurk fan mei-inoar gearhingjende natuergebieten fan nasjonale en ynternasjonale wearde. It is tige wichtich foar de ûntwikkeling fan natuer yn ús provinsje.

Natuerbehearders, boerenorganisaasje LTO-Noord en oare grûneigeners wolle dizze put no wol oernimme fan de provinsje. Sy tinke in hiel ein te kommen mei de 79 miljoen euro dy't de provinsje hjirfoar noch yn kas hat. De kommende seis moannen wurde brûkt om út te rekkenjen oft it ek echt út kin.

It plan slút oan op de winsk mear natuerynklusyf te buorkjen. Deputearre Johannes Kramer is posityf oer dizze ûntwikkeling.

(advertinsje)
(advertinsje)