Underwiisdirekteur NHL Stenden fynt talittingstoetsen pabo gjin flop

01 jun 2018 - 14:07

Jantine Kuijpers, direkteur fan de akademy primêr ûnderwiis op NHL Stenden, is it net iens mei de útspraak dat de pabo-talittingstoetsen in mislearring binne. Dêrmei reagearret Kuijpers op heechlearaar ûnderwiisarbeidsmerk Frank Cörvers, dy't yn Trouw stelt dat dy testen in flop binne.

In klaslokaal - Foto: ANP

Wol sjocht hegeskoalle NHL Stenden dat it tal oanmeldings omleech gien binne. Dêrmei folgje se de lanlike trend fan 2015. Oft de eineksamensifers fan potinsjele nije pabo-studinten itselde bleaun binne, kinne se net mei wissichheid sizze. Mar de skoalle fynt net dat de talittingstoetsen in flop binne. Neffens ûndersyk fan de Tilburg University en kennissintrum CAOP hat it plan om bettere studinten nei de pabo te krijen, gjin fertuten dien.

Sûnt 2015 moatte potinsjele studinten in talittingstoets dwaan foar skiednis, ierdrykskunde, natuer en technyk meitsje, om it nivo omheech te krijen. No docht bliken dat de eineksamensifers fan jongeren dy't foar de pabo kieze net omheech gien binne.

Boppedat is troch de hegere talittingseasken it tal earstejiers op de pabo mei de helte ôfnaam. De foarsizzing is dat der oer twa jier in tekoart is oan sa'n 3.000 leararen. NHL Stenden sil sjen hoe't se ynspylje kinne op it groeiende tekoart oan leararen yn it primêr ûnderwiis.

Kuijpers sjocht dat de studinten dy't tsjintwurdich op de pabo sitte, mear motivaasje hawwe as yn it ferline it gefal wie.

Het doel van de toelatingstoetsen is om een hoger basisniveau te creëren bij pabostudenten, niet om scholieren te werven met een hoger eindexamencijfer.

Jantine Kuijpers, direkteur akademy primêr ûnderwiis NHL Stenden

Kuijpers fynt de konklúzje dat de talittingstoetsen in flop binne, te koart troch de bocht. De testen hawwe in doel. "De studenten die na vier jaar de school verlaten, zijn van een hoger basisniveau. Dat komt door die toelatingstoetsen. Het doel van de toelatingstoetsen is om een hoger basisniveau te creëren bij pabostudenten, niet scholieren met betere eindexamencijfers te trekken.."

Der rint al in trajekt om mbo-studinten better ta te rieden op de toetsen.

(advertinsje)
(advertinsje)