Ljouwerter winkels wer iepen en bewenners apparteminten werom nei eardere plofkreak

01 jun 2018 - 12:59

De ûndernimmers yn it gebiet yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen, dêr't freed in plofkreak wie, kinne wer iepen. Ek de bewenners fan de tolve ûntromme apparteminten meie werom nei hûs. De Explosieven Opruimingsdienst EOD is klear mei syn wurk, dat betsjut dat der gjin gefaarlike eksplosiven mear oanwêzich binne.

Fanwege it ûndersyk wiene de winkels de hiele moarn net tagonklik. Ek it bylizzende parkearterrein koe net brûkt wurde. It is noch net dúdlik oft der jild bút makke is.

De Albert Heijn-supermerk, dy't it tichtst by de opblaasde pinautomaat leit, kin noch net brûkt wurde. It pân moat earst fan binnen ynspektearre wurde. Dat jilde earst ek foar de de tolve ûntromme apparteminten. De gemeente en de wenningstichting koene mei de ynspeksje los, neidat it gebiet troch de plysje frijjûn waard.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei twa ûndernimmers

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat de evakuearre appartemintbewenners besocht, meldt er op Twitter. "Akelige schrik, hopelijk worden de daders gepakt."

(advertinsje)