Klappen ING net yn Ljouwert

03 nov 2011 - 15:02

De sintrale ûndernimmingsrie fan ING ferwachtet net dat it ferdwinen fan 2700 banen by de bank hiel grutte gefolgen hat foar meiwurkers hjir yn Fryslân. Dat seit Rob Eijk fan dy sintrale ûndernimmingsried dy't yn de oanrin nei it nijs fan tongersdei oerlein hat mei it bestjoer fan ING.

Yn Ljouwert allinnich al wurkje 2300 minsken foar ING, mar de grutte klappen falle benammen yn Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)