Grien ljocht fan Kollumerlân foar megasinnepark op terrein Muiden Chemie

01 jun 2018 - 12:20

De gemeente Kollumerlân is akkoart mei de plannen foar de bou fan in megagrut sinnepark yn de Kollumerwaard, op it eardere terrein fan Muiden Chemie by Muntsjesyl.

Ynvestearder Beryllus Sun Energy wol yn in gebiet fan 78 hektare 360.000 sinnepanielen pleatse. Dit is jierliks goed foar de stroom fan 27.000 húshâldens. It wurdt ien fan de grutste sinneparken fan Nederlân.

Njonken it opwekjen fan sinne-enerzjy ûndersiket Beryllus Sun Energy ek oft it mooglik is om enerzjy op te slaan yn it gebiet. Yn 2020 moat it park klear wêze. De provinsje moat noch wol tastimming jaan.

Bliid

Wethâlder Jan Benedictus fan de gemeente Kollumerlân is bliid mei it inisjatyf. "Yn 'e rin fan de jierren hawwe der al mear plannen west foar dizze lokaasje. Wy as kolleezje wolle graach dat der ris in goeie bestimming op komt. Staatsbosbeheer fynt dit it bêste inisjatyf oant no ta", sa seit Benedictus.

Yn it ferline wiene der alris plannen om bygelyks in fakânsjepark te bouwen op it eardere terrein fan Muiden Chemie, mar dy giene net troch.

(advertinsje)