A6 oant begjin fan de jûn ticht, nei slim ûngelok by Bant

01 jun 2018 - 11:51

De A6 bliuwt freed by De Lemmer yn súdlike rjochting oant it begjin fan de jûn ticht. Dat meldt Rykswettersteat. Op de autodyk dy't Fryslân mei Flevolân ferbynt, wurdt ûndersyk dien nei it slimme ûngelok by de ôfslach nei Bant, earder op de dei.

File op de A6 - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De plysje is dwaande mei in grut ûndersyk en der leit disel op de A6. Omdat in grut part fan de frachtweinkabine troch de klap fuortslein is, leit der ek in soad guod op de dyk. Foar De Lemmer stiet in lange file op de A6 en ek op De Lemmer sels rint it folslein fêst.

It ferkear wurdt oanred om fia de A32 nei it suden te riden.

Trefwurden: 
ûngelok A6 Bant
(advertinsje)