Organisaasjes wize sinnepark by Aldeberkeap ôf

01 jun 2018 - 10:39

In sinnepark yn it Molenbosch komt der net as it oan Aldeberkeapers leit. Sawol eigeners fan rekreaasjewenningen yn it Molenbosch as ynwenners fan Aldeberkeap binne tsjin. Ek organisaasjes as It Fryske Gea, de erfgoedferiening Bond Heemschut en agraryske natuer- en miljeuferiening Gagelvenne binne negatyf oer it plan.

De reade tried yn harren beswier is, dat der gjin plak is foar sa'n park yn in bysûnder natuer- en rekreaasjegebiet mei kultuerhistoaryske wearde. Boppedat ferwite de organisaasjes de gemeente Eaststellingwerf dat dy der net serieus oer neitocht hat.

Neffens de organisaasjes hat de gemeente de plannen te maklik akseptearre. Yn harren yntsjinne sjenswize tsjin it plan sizze de organisaasjes dat de gemeente hannelet 'tsjin de regels fan behoarlik bestjoer'.

De gemeente Eaststellingwerf hat dizze wike tsientallen sjenswizen ûntfongen. Allinnich al út Molenbosch, dat yn it plan njonken it park leit, en Aldeberkeap goed sechstich. Ek Pleatslik Belang is tsjin in sinnepark.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)