Slim ûngelok op A6 by Bant; autodyk by De Lemmer ticht

01 jun 2018 - 10:31

Op de A6 by Bant is freedtemoarn in ûngelok bard. In frachtweinsjauffeur is dêrby slim ferwûne rekke. De sjauffeur ried yn de rjochting fan De Lemmer nei Emmeloord boppe-op in mobile sinjalearingswein fan Rykswettersteat.

Slim ûngelok op de A6 - Foto: GinoPress B.V.

By it ûngelok is in traumahelikopter ynsetten, in ambulânse en meardere brânwachtkorpsen. Neffens de plysje is it slachtoffer op it plak fan it ûngelok reanimearre.

De A6 is by De Lemmer ôfsletten. It ferkear moat dêr fan de dyk ôf. It ferkear wurdt oanret om fia de A32 nei it súden te riden. Der stiet op it stuit in kilometerslange file foar De Lemmer. Foar Bant stiet ek in file, foar it plak dêr't it ûngelok bard is. Dit ynsletten ferkear wurdt nei De Lemmer werom laat.

Trefwurden: 
ûngelok A6
(advertinsje)
(advertinsje)