Kollum: "Unnoazel"

01 jun 2018 - 09:29

"Wy wenje by in yngong fan de jachthaven, dy't allinnich tagonklik is foar fytsers en fuotgongers. Sûnt der in fytspont is, stiet der in boerd achter it stek op de jachthaven wêr't op stiet: 'Door het hek rechtsaf', en der stiet ek noch in pylk by. Mar no't it pontsje wer fart, ha ik de earste fytsers al wer op it hiem hân.

De Toan fan Hilda Talsma

De Toan fan Hilda Talsma
Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

Ik fyn it sa grappich, want dan strune se by ús om en dan begripe se der neat fan. 'Door het hek rechtsaf', sis ik meastal noch in kear en dan sjogge se wer op it boerd. 'O! Door het hek rechtsaf!' Ik ha al in pear kear foar dat boerd stien en my ôffrege wat der no sa dreech oan is, mar ik wit it net.

Miskien komt it omdat de ferkearssituaasje hjir wat nuver is. Want ast rjochttroch giest, dus troch it stek, dan bist op de haven mar ast rjochtsôf giest foar it stek dan komst op ús hiem. Omdat it net in trochgeande dyk is, is der ek in draaiplak makke dêr't minsken mei de auto draaie kinne want oars moatte se in ein achterút ride en sa kinne wy ek better fan it hiem komme.

By dat draaiplak stiet ek in boerd: 'Alleen keren, niet parkeren'. Mar dat skynt ek nochal dreech te wêzen want der stiet wol gauris in auto dy't op de haven of by ús wêze moat. Lêst wie der immen dy't de auto gewoan foar ús oprit setten hie omdat se ek efkes op 'e haven wêze moast. Ik koe net op it hiem komme en sa ha 'k ek al ris net fan it hiem ôfkomme kinnen.

'Tinke minsken net nei?', freegje ik my faak ôf want ast harren der op oansprekst dan is it altyd fan: 'O, sorry, ik moast efkes dit of dat. O, sorry, mar ik wist net wêr't ik oars de auto delsette moast, ensfh.' En dat kin ek noch wol begripe ast hjir noch noait west hast, mar minsken dy't hjir wol faker komme, dogge it likegoed. Ik spylje gauris foar ferkearsplysje want oars stiet der samar in auto foar de oprit fan de buorlju of op in oar ûnhandich plak sadat alles stagnearret.

Mar ik kin der sels ek apart yn omtinke yn ûnbekende situaasjes. Sa fleagen wy in kear fan de Bahama's nei Atlanta en op it fleanfjild fan Atlanta moasten wy by it yntsjekken in pear fragen ynfolle. Se wiene yn it Ingelsk en ien fraach gong oer fruit. Ik hie dat flechtich trochlêzen en lies eat oer fruit en pleatsen. Ek wol dat je gjin fruit meinimme mochten, mar ik luts fansels te gau myn eigen konklúzjes yn stee fan goed te lêzen.

Ik hie in apel en in mandaryn yn 'e tas, mar wy hiene net op in pleats west mei besmetlike tastannen want it kaam gewoan út 'e supermerk. Dus doe't sa'n strange man my by de kontrôle frege oft ik fruit mei hie, sei ik sûnder euvelmoed 'Ja' en doe stjoerde er ús nei in spesjaal keammerke. Dêr siet in frommes achter in baly dy't hiel boas seach en wy moasten in moai skoft wachtsje.

Doe't ik einlings oan bar wie, waard myn hânbagaazje hielendal neisjoen en de man frege wêrom't ik fruit mei hie wylst ik 'nee' ynfold hie. Ik hie gelok hân dat ik it sein hie want oars hie de boete wol trijehûndert hûndert dollar it stik west djoere fitamyntsjes, dus. Ik kaam der lokkich mei in warskôging ôf mar ik fielde my hiel ûnnoazel.

Ik tink krekt sa ûnnoazel as dy minsken foar it boerd fan de pont. 'O, ding dong!'"

(advertinsje)