UPDATE: Oanholden man hat neat mei plofkreak Ljouwert te meitsjen

01 jun 2018 - 08:11

De plysje hat freedtemoarn in fertochte oanholden by it ûndersyk nei de plofkreak yn Ljouwert, mar kaam der by it ûndersyk efter dat de man neat mei de kreak te meitsjen hie.

De plofkreak yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

Oan de Lieuwenburg yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat freedtemoarn om 4.15 oere in plofkreak west, wêrby't eksplosiven brûkt binne. De Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) wie yn Ljouwert om te ûndersykjen oft der noch eksplosiven yn it pân sitte. Dy wiene net oanwêzich.

(advertinsje)