Klanten wolle Gerrit Heeres út Abbegea stypje

Klanten fan Heeres Mix- en Pomptechniek fan Abbegea komme yn aksje. Se wolle eigener Gerrit Heeres stypje. Heeres moat him takom wike yn heger berop foar it Hôf yn Ljouwert ferantwurdzje foar it bedriuwsûngelok yn Makkingea fan 19 juny 2013. Dêr kamen trije minsken by om it libben.
© ANP
Yn earste ynstânsje is Heeres feroardiele ta in boete fan 100.000 euro. Klanten binne benaud dat hy dat net betelje kin en dat syn bedriuw it net oerlibbet.

Allinnich mar ferliezers

"It is in saak dy't allinnich mar ferliezers ken", seit Froukje Bosga fan Rotstergaast. Sy is inisjatyfnimmer om Heeres te stypjen. "Hoe't wy dat krekt dwaan wolle, witte we noch net. Earst ha wy sein dat we mei al syn klanten in bedrach jaan wolle, mar Gerrit hat sein dat hy net syn hantsje ophâlde wol."
Dochs fynt Bosga it nedich dat der stipe komt foar Heeres: "Wat der in Makkingea bard is, is fansels in drama. Mar eltsenien yn ús fakgebiet kin Heeres. Hy leveret altyd goed wurk, wurket netsjes en hy wit wat er docht. It soe skande wêze as syn bedriuw fallyt giet trochdat hy dizze boete net betelje kin."
Froukje Bosga fan Rotstergaast

Oprop oan polityk

Harm Wiegersma, foarsitter fan it lanlik fakbûn fan melkfeehâlders, is bliid mei de aksje fan Bosga: "Ik fyn dit in goed inisjatyf. Ik praat net oer de skuldfraach yn dizze saak, dat lit ik by de rjochter, mar ik wol wol in oprop dwaan oan de polityk. Ferline wike is der noch in jonge omkaam yn Grinslân yn in dongsilo. Lit dat asjebleaft de lêste wêze."
Harm Wiegersma
Tjalling van der Goot, advokaat fan Gerrit Heeres, seit dat it syn kliïnt goed docht dat meardere minsken harre stipe útsprutsen hawwe.