Plofkreak yn Ljouwert; plysje ûntrommet tolve apparteminten

Oan de Lieuwenburg yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat freedtemoarn in plofkreak west. By de kreak binne eksplosiven brûkt. De omjouwing is ôfset. Der wurdt noch socht nei de dieders.
Roundup plofkreak Ljouwert
Plofkreak yn Ljouwert
Omdat der in soad skea is, hat de plysje tolve apparteminten ûntromme. De gemeente Ljouwert soarget foar de opfang fan bewenners, dy wurde nei it Van der Valk-hotel yn de stêd brocht. De winkels bliuwe foarearst ticht.
De plofkreak wie by in jildautomaat dy't yn de winkel fan de Albert Heijn sit. Neffens de plysje is der yn dy winkel in soad skea ûntstien. Ek moat der besjoen wurde of der ek ynstoartingsgefaar is.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer is op it plak fan de plofkreak
Anne van der Meer fan 'e plysje oer de plofkreak
De plysje is op syk nei de dieders en freget minsken om út te sjen nei fertochte persoanen, buskes en scooters. Neffens de plysje binne de dieders útnaaid op in scooter. Minsken dy't wat sjogge moatte kontakt opnimme mei de plysje fia it neednûmer 112 en fertochten net sels benaderje.
Ik tocht: it is lekker ûnwaar
Meinte Sijbesma, omstanner
Omwenners fan de plofkreak
De Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) is yn Ljouwert om te ûndersykjen oft der noch eksplosiven yn it pân sitte.