Stoarm en reinwetter feroarsaakje skea oan kade yn Boalsert

31 maaie 2018 - 21:28

Al it reinwetter dat tongersdeitemiddei yn koarte tiid foel yn Fryslân, hat op meardere plakken foar in soad skea soarge. Yn Boalsert binne meardere fersakkingen njonken it stedhûs. Ek by in kleanwinkel yn dy stêd hat de rein foar skea soarge. Yn Drachten en Akkrum stienen ferskate strjitten blank en bleaun wetter ûnder in fiadukt lizzen. Swimbad De Welle yn Drachten gie ek even ticht, mar dêr foel de skea ta.

Fersakkingen yn Boalsert

Njonken it stedhûs yn Boalsert ûntstienen meardere fersakkingen, lykas oan de kade. De fersakkingen kinne foar gefaarlike sitewaasjes soargje. De gemeente Súdwest-Fryslân sil it de kommende wike wer yn oarder meitsje.

Foto: Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl

Kleanwinkel

Yn itselde Boalsert krige kleanwinkel Max Mannenmode te krijen mei in soad skea. It plafond is skansearre en ek yn de winkel lei wetter. It bedriuw sil besykje om freed de doarren wol gewoan te iepenjen.

Foto: Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl

Drachten en Akkrum

Yn meardere plakken stienen ferskate stritten blank, lykas yn Drachten en Akkrum. Dêr bleaun ek wetter lizzen ûnder fiadukten. Yn Drachten moast swimbad De Welle ek even ticht, omdat it wetter wer omheech troch de putsjes. De pear minsken dy't op dat stuit yn it bad leinen, moasten der even út. Trije kertier letter koe De Welle wer iepen.

Op oare plakken yn Drachten fermakken bern harren mei it reinwetter. Dat soarge foar wat ferkuolling nei it waarme waar.

Ferslachjouwer Timo Jepkema seach yn Akkrum

(advertinsje)
(advertinsje)