Underhannelings oer nije cao yn metaalsektor lizze stil

De ûnderhannelings foar in nije coa yn de grutmetaal en de metalektro binne fêstrûn. Op sa'n bytsje alle flakken kin gjin oerienstimming berikt wurde, seit FNV Metaal-bestjoerslid Anne van Dijk. Sa biede de wurkjouwers in leansferheging fan 5,7 persint; de wurknimmers easkje 9,5 persint.
© ANP
De wurkjouwers wolle werom nei de jierren 30
Anne van Dijk

Oanpassing roasters

De wurkjouwers wolle it personiel fleksibeler ynsette kinne. Sa wolle se ôf fan âlde ôfspraken oer arbeidstiden. Neffens Anne van Dijk wolle de wurkjouwers, feriene yn de FME, sa werom nei de jierren 30. "Minsken wurde sa in spylbal fan de wurkjouwer. Der is hjir sprake fan 'dwang en drang'. Se geane sa oer wurktiden fan acht-en-in-heal oere deis hinne mei dizze foarstellen."

Wurkjouwers teloarsteld

Yn in ferklearring stelt FME-ûnderhanneler Ab van der Touw dat er ferrast is troch de hâlding fan de fakbûnen. It einbod fan de bûnen betsjut neffens him in kostestiging fan 16 persint yn trije jier tiid. "Dat is een absoluut onrealistisch voorstel", sa skriuwt Van der Touw.
Neffens him is it bod fan de wurkjouwers goed: "Een verantwoorde loonstijging en ook geld voor scholing van personeel." Wurkjouwersorganisaasje FME ropt de bûnen dan ek op om gau wer om tafel te kommen om te praten. De cao Metalektro jildt foar sa'n 15.000 wurknimmers yn de metaalsektor.