Reekwolk ûntsnapt nei steuring REC Harns

Nei in steuring yn de ôffaloven fan Harns, de REC, is in grutte reekwolk ûntsnapt. De problemen yn de REC ûntstienen nei in lekkaazje yn de tsjettel. Omrin is fuort begûn mei it útsetten fan de ynstallaasje.

Lekkaazje

De lekkaazje ûnstie even nei 10 oere tongersdeitemoarn. De reekgasreiniging dy't de gefaarlike stoffen út de reek helje moat, koe earst oan de praat hâlden wurde.
Om tolve oere hinne foel lykwols de folsleine ynstallaasje in pear minuten út. Der moasten saneamde 'steunbranders' oanset wurde en ek moast de reekgasreiniging op 'e nij opstart wurde.
© twitter @afvalovennee

Reekwolk

Om't ien fan de kanalen by dy proseduere te lang tichtsiet, ûntstie oerdruk. De smoarge gassen út de ynstallaasje binne ûntsnapt en yn it gebou kaam. Om de gassen fuort te krijen, binne fuort alle fentilaasjegatten iepenset. De reekwolk dy't dêrby ûntsnapte, is fuortdreaun yn súdlike rjochting.
Omwenners en omlizzende bedriuwen binne neffens de FUMO warskôge om ruten en doarren ticht te hâlden. De ôffaloven is tydlik útset om de tsjettel te reparearjen.

Provinsje

De provinsje hat yntusken opheldering frege oer wat der krekt bard is. Sa moat Omrin dúdlik meitsje wat de loft yngien is doe't de reekwolk ûntsnapte. At dêr dúdlikens oer is, folgje eventueel maatregels.