Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen hâldt op

31 maaie 2018 - 19:52

Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen hâldt begjin takom jier op. Dat hat er tongersdeitejûn oan de gemeenteried ferteld. Gerbrandy giet takom jier mei pensjoen. Hy hat dan seis jier boargemaster west fan Achtkarspelen.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

Gerbrandy begûn op 14 jannewaris 2013 as boargemaster fan Achtkarspelen. Hy wie de opfolger fan Piet Adema, dy't dêrfoar waarnimmend boargemaster wie. Syn lêste dei as boargemaster wurdt 14 jannewaris 2019, presys seis jier nei syn earste dei.

Ik bin tige tankber dat ik my ynsette koe foar ús prachtige gemeente en har ynwenners.

Boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen

"It wie my in eare om it boargemasterskip fan Achtkarspelen út te oefenjen", seit Gerbrandy. "Ik bin tige tankber dat ik my ynsette koe foar ús prachtige gemeente en har ynwenners. Myn perioade sit der omtrint op en ik ha keazen foar in bestean dêr't ik de hannen frij ha foar oare wichtige saken."

Gerbrandy wie earder tolve jier lang wethâlder yn de doetiidske gemeente Wymbritseradiel. Ek hat er foarsitter west fan de FNP-fraksje yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Foar syn wethâlderskip wie er wurksum as learaar yn it fuortset ûnderwiis.

(advertinsje)