Grutte groep hynders op 'e kletter yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân, Roelof Lousma
Oan de Getswerderdyk yn Frjentsjer is in groep hynders losbrutsen en fuortdraafd. Se rûnen flakby de sneldyk tusken Frjentsjer en Harns en gienen dêrnei nei de wenwyk Sexbierumerplan. Yntusken sitte alle hynders wer fêst.
Fabienne Bosch út Frjentsjer seach de groep hynders foarbykommen, en makke dêrfan folgjende bylden:
Grutte groep hynders op 'e kletter yn Frjentsjer