Maria le Roy krijt draachspjelde fan gemeente Harns

31 maaie 2018 - 18:31

Maria le Roy hat by har ôfskied as wethâlder fan de gemeente Harns út hannen fan boargemaster Roel Sluiter de gemeentlike draachspjelde krigen. Le Roy wie de lêste acht jier aktyf as wethâlder. Neffens Sluiter is de draachspjelde in passende wurdearring foar Le Roy. Earder krige Le Roy fan it kolleezje ek al in kettinkje mei in byld fan de Stiennen Man.

Maria le Roy

Yn de acht jier dat se aktyf wie as wethâlder, hat Le Roy har ûnder oare dwaande hâlden mei de werynrjochting fan de Willemshaven en it Havenplein.

Maklik wie har tiid yn Harns net. Se waard yn 2010 troch de partij Harlinger Belang frege wethâlder te wurden. Le Roy kaam fan Seelân en wie dêr aktyf west as ûnder oare deputearre foar de PvdA. Yn 2017 krige se in giele kaart fan in oantal partijen yn de ried. GrienLinks tsjinne in moasje fan wantrouwen yn tsjin Le Roy. It gie benammen om har wize fan kommunisearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
(advertinsje)
(advertinsje)