Minder plysje by Fryske betelle fuotbalklups

31 maaie 2018 - 18:06

De plysje-ynset by wedstriden fan SC Hearrenfean en SC Cambuur is it ôfrûne seizoen sterk ôfnaam. Dat konkludearret de plysje, dy't sprekt fan in rêstich seizoen. Dêr binne meardere oarsaken foar oan te wizen. Beide klups hawwe sportyf sjoen ek in rêstich seizoen hân, wêrtroch't der net in soad ekstra ynset nedich wie. Boppedat lûke beide ploegen minder besikers as oare jierren, wat der ek foar soarget dat der minder plysje nedich is.

Cambuur

Dat der yn Ljouwert by thúswedstriden fan Cambuur minder plysje hoecht te kommen, hat ûnder oare ek te krijen mei de klups yn de Jupiler League. It ôfrûne seizoen sieten der fjouwer belofteteams yn de kompetysje en dy nimme net in soad fans mei.

(advertinsje)
(advertinsje)