Kastanjebeam Poptaslot siik

03 nov 2011 - 15:12

De byldbepaldende monumintale kastanjebeam foar it Poptaslot yn Marsum is siik. De beam hat lêst fan de kastanjesykte, in baktearje dy't de stam en de tûken oantaast. As de ynfeksje trochset is de kâns grut dat de beam kapt wurde moat.

De kastanjesykte is fiif jier lyn foar it earst ûntdutsen yn Nederlân. Sûnt dy tiid wurdt hurd wurke oan in medisyn of in metoade om de besmetting te kearen. Dat is noch net slagge.

(advertinsje)