Filmprojeksje 'It geheim fan de Deelen' op Oranjewoud Festival

31 maaie 2018 - 17:30

It binne plakken dy't je net sjen kinne mei it bleate each: de ûnder- en boppewetterwrâld fan it natuergebiet De Deelen. Yn 'It geheim fan De Deelen' nimt Omrop Fryslân jo op in bysûndere wize mei nei dit natuergebiet. De bylden binne te sjen yn de alde Kâlde Oarlochbunker yn Oranjewâld by it Oranjewoud Festival fan 1 oant en mei 10 juny.

Wat er zich allemaal onder het moeraswater afspeelt, krijg je als wandelaar weinig van mee.

Filmmakker Herman Zeilstra

Mei in spesjaal ûntwikkele kamera-ynstallaasje makke filmer Herman Zeilstra yn opdracht fan Omrop Fryslân de meast bysûndere bylden fan De Deelen. "Als je door het gebied loopt dan zie je vooral het leven boven water. Wat er zich allemaal onder het moeraswater afspeelt, krijg je als wandelaar weinig van mee, met de installatie gaan we dat ontdekken en laten zien", fertelt Zeilstra.

It lege midden fan Fryslân bestie healwei de 20ste iuw foar in grut part út leechfeanmoerassen. De Deelen is hjir in oerbliuwsel fan en bestiet út reidlannen, trekgatten mei in soad iepen wetter en greidlannen.

Projektiefilm troch Herman Zeilstra - Foto: Omrop Fryslân

De bisten seagen de kamera fan Zeilstra as in bedriging en dêrom kocht hy in lokgoes. Dêr boude Zeilstra in kamera yn. It moaiste filmmomint wie doe't Zeilstra de lokgoes teste. "Dat was geweldig! Ik ben wel een uur met in groep ganzen meegevaren. Op een gegeven moment ging de batterij leeg, toen moest ik die even vervangen en dus de lokgans uit het water halen. Dat groepje ganzen volgde mijn lokgans, hij hoorde daar helemaal bij. Ze zaten echt zo van 'waar ben jij nu?'", fertelt Zeilstra.

Projektiefilm troch Herman Zeilstra - Foto: Omrop Fryslân

Herman Zeilstra makke earder kamera-ynstallaasjes foar de Rijksuniversiteit Groningen foar it skrieze-ûndersyk fan professor Theunis Piersma. Ek makke hy mei Sytze Pruiksma de foarstelling 'Lân' foar it Frysk Festival. Dizze foarstelling wie ek te sjen op Oerol en yn New York op it New Island Festival.

(advertinsje)