De stienmurd komt hieltyd mear foar yn Fryslân

31 maaie 2018 - 17:29

De stienmurd ferspriedt him de lêste jierren troch hieltiten gruttere parten fan Fryslân. Neffens it meldpunt 'steenmarters en vleermuizen' fan Lânskipsbehear Fryslân wreidet de murd syn gebiet út fan it easten nei it westen.

Foto: Wikipedia

De meldingen komme it measte út it súdeastlik part fan de provinsje, en dan foaral út Drachten. En Easterwâlde, De Gordyk, It Hearrenfean, De Jouwer, Appelskea en Wolvegea binne yntusken 'hotspots', seit it meldpunt. Mar de stienmurd is ek al sinjalearre yn Ljouwert, Snits, Frjentsjer en De Lemmer.

Stienmurden kinne in soad oerlêst feroarsaakje, as se har yn hûzen of gebouwen festigje. Se kinne net samar oanpakt wurde, omdat it om in beskerme bistesoart giet. Lânskipsbehear Fryslân advisearret dêrom om in saakkundige yn te skeakeljen, dy't advys jaan kin by de oanpak fan de problemen dy't in stienmurd feroarsaakje kin.

Minsken en bedriuwen dy't lêst ha fan stienmurden, kinne dat trochjaan oan it spesjale meldpunt. Dêr jouwe se sân dagen yn de wike advys. Meastal kin dat oer de telefoan. Yn guon gefallen geane saakkundigen by de melder del.

(advertinsje)
(advertinsje)