Ljouwert hâldt miljoenetekoart op it sosjaal domein

31 maaie 2018 - 16:54

De gemeente Ljouwert hat oer 2017 in tekoart fan 4,9 miljoen euro op it saneamde sosjaal domein. It giet dan bygelyks om de jeugdsoarch en de Wmo, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It bedrach sels komt net as in ferrassing. Der wie al rekken hâlden mei dit tekoart. It stiet yn de jierstikken fan de gemeente Ljouwert.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Besunigings

De ôfrûne jierren is der al foars besunige op it sosjaal domein yn de gemeente Ljouwert. It giet om in bedrach fan 20 miljoen euro. Nettsjinsteande alle maatregels bliuwt it tekoart fierder oprinnen. Dat hat benammen te krijen mei de sintrumfunksje fan Ljouwert. In soad minsken dy't soarch nedich ha lûke nei de stêd ta. It nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert hat it oplossen fan it tekoart neamd as ien fan de spearpunten foar de kommende fjouwer jier.

Sjoerd Feitsma oer it begruttingstekoart

Weryndieling posityf foar Ljouwert

De finansjele gefolgen fan de weryndieling mei Ljouwerteradiel binne no ek dúdlik wurden. Dêr bliuwt in bedrach fan 1,4 miljoen euro oer. Dat hat ûnder oare te krijen mei de ferkeap fan in oantal gebouwen. Oer it gehiel sjoen is ferantwurdlik wethâlder Sjoerd Feitsma tefreden. Neffens him ha de ynvestearrings yn it sintrum fan Ljouwert foar Kulturele Haadstêd fertuten dien. Dat hat ek útstrieling nei de omlizzende gemeenten, sa seit Feitsma.

(advertinsje)
(advertinsje)