Mear romte foar greidefûgels op boerelân

De sân agraryske kollektiven yn Fryslân dogge dit jier op goed 17.500 bunder oan greidefûgelbehear. Dat is 1.200 bunder mear as ferline jier. De ekstra ynset is mooglik troch stipe fan de provinsje. Mei elkoar wurdt op lân fan hast 1.100 boeren fan alles dien om greidefûgels te beskermjen.
© Vogelbescherming Nederland
Dan giet it bygelyks om it ferheegjen fan sleatwetterpeilen, nestbeskerming, krûderike rânen en útsteld meane. De boeren dogge dat yn de measte gefallen oant mids juny. De ferwachting is dat de greidefûgelpiken dan wol hast útflein binne.
Noed oer rôfbisten
De agraryske kollektiven meitsje har wol bot soargen oer de ynfloed fan rôfbisten op de nêsten en de piken fan de greidefûgels. Boeren stekke jild, tiid en enerzjy yn it greidefûgelbehear. It is dan hiel demotivearjend as bygelyks foksen of stienmurden in gebiet dochs leechfrette, sizze de boeren.
Inisjativen fan de kollektiven en de boeren om wat oan ynfloed fan rôfbisten te dwaan rinne faak op neat út, omdat oare lâneigeners of gebietsbehearders net meiwurkje wolle. En maatregels binne wol nedich, om de greidefûgels te behâlden, sizze de agraryske kollektiven.