Frisia: gjin kâns op sinkholes yn Noardwest-Fryslân

31 maaie 2018 - 16:14

Sinkholes, grutte gatten dy't spontaan ûntsteane, kinne op termyn in gefolch wêze fan sâltwinning. Dat skriuwt it Staatstoezicht op de Mijnen dizze wike yn in rapport oer de effekten fan sâltwinning. Mar yn Noardwest-Fryslân hoege de minsken net benaud te wêzen foar sinkholes, seit direkteur Durk van Tuinen fan Frisia Sâlt. Omdat yn Fryslân de sâltwinning plakfûn op in folle gruttere djipte soe de kâns op it ûntstean fan sokke sinkholes yn Harns en omjouwing folle lytser wêze.

It fabryk fan Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Yn it rapport skriuwt it Staatstoezicht op de Mijnen ek dat bedriuwen dy't dwaande binne mei sâltwinning 'te min each hawwe' foar de lange termyneffekten fan dy aktiviteit. Van Tuinen is it net iens mei dy konklúzje en wol hjiroer yn petear mei it Staatstoezicht op de Mijnen.

Direkteur Durk van Tuinen fan Frisia Sâlt

Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken tinkt nei oer de oprjochting fan in lanlik ynstitút foar mynbouskea, dêr't ek minsken mei skea as gefolch fan sâltwinning har melde kinne. Rinze Post fan Stichting Winamer Belang beskôget dat foarnimmen as erkenning nei fjirtjin jier striid. Yn Winaam binne neffens syn gegevens wol 25 oant 30 gebouwen mei skea as gefolch fan de sâltwinning.

"Mar ien klacht yn it jier"

Van Tuinen fan Frisia Sâlt sjocht dêr wat oars tsjinoan. Neffens him is fan fierwei de measte gefallen noait oantoand dat dy skea troch sâltwinning ûntstien is. Frisia Sâlt krijt neffens him mar ien klacht yn 't jier oer skea as gefolch fan sâltwinning. Boppedat hie it bedriuw al in eigen skeafûns foar it ôfhanneljen fan skea.

Van Tuinen ferwachtet dan ek net dat der yn 'e praktyk in soad feroarje sil as gefolch fan it nije rapport. Frisia Sâlt is boppedat dwaande om de sâltwinning te ferlizzen fan it lân nei de Waadsee. It bedriuw wol ein 2019 begjinne mei in earste proefboarring foar sâltwinning op see.

(advertinsje)
(advertinsje)