Slim ûngelok by botsing Lytsewâld

31 maaie 2018 - 15:49

Op de N355 tusken Grijpskerk en Bûtenpost by Lytsewâld hat tongersdei in slim ûngelok west.

Foto: De Vries Media

Twa auto's kamen noch troch ûnbekende oarsaak yn botsing mei elkoar. Brânwacht en ambulânses kamen te plak en ha alle belutsenen nei sikehûzen brocht. Ek wie der in traumahelikopter.

It is net bekend hoe't it mei de minsken giet. De plysje docht ûndersyk. De dyk is foar in part ôfsletten foar ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Lytsewâld
(advertinsje)